De Valk yn Frjentsjer stiet op de râne fan in fallisemint

16 nov 2015 - 13:51

Hotel-restaurant De Valk yn Frjentsjer wurdt mooglik fallyt ferklearre. Eksploitant Gerlof Bleeker hat sels it fallisemint oanfrege om't er nei eigen sizzen al jierren in te hege hierpriis betelje moat oan hotel-eigener Folkert Kuperus út Frjentsjer. Oerlis oer de hierpriis hat oant no ta neat opsmiten neffens Bleeker.

Kuperus lit witte dat de hierpriis yn 2011 troch beide partijen fêststeld en ûndertekene is. Hy fynt it spitich dat de saak no mooglik fallyt ferklearre wurdt.

Nei alle gedachten sprekt de rjochtbank healwei dizze wike it fallisemint út. Oant dy tiid bliuwt it hotel-restaurant gewoan iepen. By De Valk wurkje fjouwer fêste personielsleden en tal fan tydlike meiwurkers.

Gerlof Bleeker is neist hotel-eksploitant yn Frjentsjer ek eigener fan hotel-restaurant Ie Sicht op De Feanhoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)