De Tsjongerskâns fernijt OK

23 maaie 2014 - 10:49

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean set dizze simmer útein mei de renovaasje fan de seis operaasjekeamers. It sikehûs wol foldwaan oan de hjoeddeistige noarmen foar kwaliteit en feiligens.

Ferâldere apparatuer wurdt ferfongen en de keamers krije in nij systeem wêrmei't bylden yn de OK better besjoen wurde kinne. By operaasjes wurdt hieltyd faker gebrûk makke fan in meisjochmonitor dy't it wurk foar arts en operaasje-assistinten makliker makket.

Trochdat de renovaasje yn ferskate fasen opdield is, kinne de operaasjes gewoan trochgean yn de eigen operaasjekeamers. It sikehûs ferwachtet gjin wachtlisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)