Kollum: It nijs fan De Bûten Post fan dizze wike

11 jun 2015 - 08:50
  • De Toan fan Bart Kingma

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

"Ynwenners fan it Grinslanner gaswinningsgebiet dogge der goed oan om net mear neaken rûn te rinnen op de gasbel. Dêrfoar warskôget in kollektyf fan Fryske dûmnys. De neakene Grinzers soenen de goaden lilk meitsje kinne en op dy wize ierdbevings feroarsaakje. Neffens de predikanten binne der oanwizings dat de meast resinte ierdbevings plak hienen flak neidat in pear Grinzers yn de bleate kont troch hûs rûn hienen. De plysje besiket yntusken de dieders te achterheljen en op te pakken. De dûmnys roppe de minsken op om de klean oan te hâlden; yn elts gefal oerdei, mar ek nachts soe it better wêze om de pyama oan te hâlden, omdat har ek dán ierdbevings foardwaan kinne.

De gemeente Achtkarspelen krijt in opfangsintrum foar útsette PVV-ers. It sintrum sil plak biede oan maksimaal 500 politike flechtlingen, benammen eks-partijleden út gemeenterieden en provinsjale steaten. Dat hawwe burgemeester en wethâlders fan Achtkarspelen bekendmakke. Wêr't it opfangsintrim fan âld-PVV-ers komme sil is der noch net by sein omdat de gemeente earst mei omwenjenden prate wol, mar de kâns liket grut dat it yn Twizelerheide wêze sil. Neffens Achtkarspelen is it logysk dat de gemeente in opfangsintrum iepenet, omdat it om grutte minsklike drama's giet. Yn in ferklearing litte b&w witte dat de útsette PVV-ers dan miskien wol geloksikers binne, mar dat se har frijheid en takomst weromwolle, en dan is it de humanitaire plicht fan eltse gemeente om dizze flechtlingen de helpende hân te bieden.

Der falt gjin peil te lûken op de wetterstân yn de Waadsee. Dat is de foarlopige konklúzje fan ûndersikers fan it "programma naar een Rijke Waddenzee", de PRW. Ut PRW-gegevens docht bliken dat der elke dei wer opnij miljoenen liters wetter út it gebied ferdwine, mar dat der likegoed hieltyd wer farske ynstream folget fan nij wetter.De oarsaken fan de deistige skommelingen binne foarearst noch ûndúdlik, sizze de ûndersikers. It soe te meitsjen ha kinne mei klimaatferoaring, fiskerij, sânsupleesje of natuerlik ferrin.

Yn septimber sille in wike lang safolle mooglik minsken meiwurkje oan it yntekenjen fan in selsstannich Fryslân op Google Earth. De aksje is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en ferskate Fryske organisaasjes, en sil holden wurde fan 21 oant en mei 26 septimber. Neffens de provinsje en de Fryske Akademy is it fan grut belang dat Fryslân better ferstjintwurdige wurdt op Google Earth. It gebiet is no kwalik herkenber as autonome regio. As in grutte groep minsken meiwurket oan it projekt moat it mooglik wêze om de provinsje grutter, dúdliker herkenber en selsstannich yn byld te krijen op de firtuele ierdbol, sa tinke de inisjatyfnimmers.

In grutte ynstream fan boatflechtelingen soe de rêding wêze kinne foar it minne wettersportseizoen. Dat tinkt de Fryske ôfdieling fan de Recron, de organisaasje foar toeristyske ûndernimmers. Wat de Recron oanbelanget soenen hjir sa fluch mooglik grutte groepen immigranten nei ta helle wurde moatte om de lege farwetters op te fullen mei fleurich bemande boatsjes. Troch it wikselfallige waar ferrint it foarseizoen yn de wettersport oant no ta net goed. Neffens de Recron litte de ûntwikkelingen op de Grykske eilannen sjen dat de komst fan de boatflechtlingen goed wurket, omdat de strannen sa better beset lykje en de immigranten in leuke nije attraksje binne foar de toeristen. De Recron wol dan ek gau yn oerlis mei de IND om te sjen hoe fluch oft hjir boatflechtelingen nei ta helle wurde kinne. It leafst mei boat en al, mar as dat lestich is soenen de wettersportbedriuwen ek sels foar boaten soargje kinne.

Oerolgongers dy't fan't wykein mei de trein nei Harns ta komme, kinne op harren reis ferrast wurde troch in foarstelling fan in 12-jierrich famke mei in pony. Om de Oerolgongers al op de hinnereis yn de stimming te bringen is besletten om dizze act yn te setten. Arriva hat fannewike mei de pony en it famke oan it testen west en de reaksjes lykje posityf."

Lês mear stikken fan Bart Kingma op De Bûten Post. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)