De Tjongerskâns yn top 10

04 sep 2010 - 09:01
  • De Tjongerkâns op It Hearrenfean

De Tjongerskans op It Hearrenfean is mei plak seis de heechste op de list fan de jierlikse sikehûs top 100 fan it Algemeen Dagblad. Op nûmer 23 stiet Nij Smellinge yn Drachten. It MCL yn Ljouwert stiet op in 43e plak. Alle trije sikehuzen binne omheech gien op de ranglist.

It Antonius yn Snits is fan in 33e plak nei in 66e plak gien. Talma Sionsberg yn Dokkum krijt mei plak 81 de minste Fryske beoardieling, mar stie foarich jier noch op in 97e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)