'De Tille prima boekhannel'

12 jul 2004 - 17:24

De Tille yn Ljouwert komt goed út de bus yn in boekhanneltest fan it wykblêd Vrij Nederland. De winkel krijt fjouwer stjerren en de kwalifikaasje 'hiel goed'. De heechste skoare dy't in saak krije kin, is fiif stjerren.

Neffens Vrij Nederland is boekhannel De Tille hiel kompleet, mei in grutte ôfdieling berneboeken en in bysûndere ôfdieling teology. Ek ha de meiwurkers ferstân fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)