De Terp wol maatregels

06 des 2002 - 00:00

Deiopfang De Terp yn Ljouwert wol maatregels ynfiere dy't foarkomme moatte dat ferslaafden foar oerlêst soargje by bistespesjaalsaak Repexotics. Ek wurdt der gearwurking socht mei de plysje en de gemeente.

Sektormanager Brouwer fan De Terp hat freed in petear hân mei eigner Mastenbroek fan Repexotics. Tongersdei waarden trije podden stellen út de winkel troch junks. Dy brûke de bisten om high te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)