De Terp: eigen dakleaze earst

23 apr 2004 - 00:00

Eigen dakleazen earst. Dat is it nije belied fan opfang De Terp en de gemeente Ljouwert. Dit hâldt yn dat in dakleaze út in oare gemeente net mear yn Ljouwert oanklopje kin foar stipe en ûnderdyk. De gemeente wie dit twa jier lyn eins al fan doel, mar sil it no yn dizze tiid fan jildkrapte trochsette.

Ferslaafden en psychysk steurde dakleazen bliuwe foarearst wolkom. Yn trochsneed wolle gemeente en De Terp fan 30 % fan 'e dakleazen ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)