DE tekenet akkoart oer kofjepads

25 des 2005 - 10:32

De Jouster kofjebaarner Douwe Egberts is yn België akkoart gien mei de produksje fan saneamde kofjepads troch konkurrinten. Dat skriuwt de Belgyske krante De Tijd sneon. Memmebedriuw Sara Lee fan DE hat in lisinsje-oerienkomst sletten mei twa Belgyske kofjeprodusinten.

DE soe nei 25 desimber in monopoalje krije op syn kofjepads, dy't brûkt wurde yn Senseo-apparaten. Dat monopoalje krijt DE no dus net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)