De teatermakkers fan BUOG meitsje stik yn it slyk

22 jun 2015 - 22:03
  • Teaterfoarmjouwer Kees Botman yn it slyk

De Waadsee stiet dizze simmer sintraal yn in foarstelling fan de teatermakkers fan BUOG. It giet om it stik Oorsprong. It is in byldzjende en muzikale ûnderfining wêrby't je by leech wetter meimeitsje hoe moai oft de Waadsee is. It stik is makke yn oparbeidzjen mei de Waadferiening.

De Waadferiening fiert dit jier syn fyftich-jierrich bestean. De foarstelling sil spile wurde yn it slyk lâns de kust fan Skylge, It Amelân en Teksel. Ek binne der foarstellings by de fêste wâl del, ûnder oare by Holwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)