De Stelp net brânfeilich

08 apr 2013 - 17:44
  • Soarchsintrum De Stelp op It Amelân
  • Ynspekteurs dwaande mei it ûndersykjen fan de elektrisiteit
  • Benammen plafond en dak soene net hielendal feilich wêze

De brânfeiligens yn soarchsintrum De Stelp op It Amelân is sa min dat der fuortendaliks maatregels nommen binne. Sa jildt mei yngong fan fuortendaliks in folslein smookferbod en in ferbod op iepen fjoer yn it sintrum. Ek is der nachts in brânwacht oanwêzich.

By wurksumheden is fêststeld dat yn it dak materialen brûkt binne dy't net oan de easken foldogge. Om de feiligens fan de bewenners te garandearjen binne der no maatregels nommen. Tiisdei sil in team ynspekteurs de situaasje by de Stelp kritysk besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)