De Sneker Pan wint twadde wedstriid op De Lemmer

30 jul 2015 - 16:04
  • De Sneker Pan, it skûtsje fan Snits

Skûtsjeskipper Douwe Visser fan de Sneker Pan hat tongersdeitemiddei de SKS-wedstriid op De Lemmer wûn. De Sneker Pan hie in goede start en naam al rap in foarsprong op de koprinners fan it klassemint: Langwar en De Jouwer.

De Oeral Thús fan De Jouwer mei skipper Dirk Jan Reijenga besocht wol om de efterstân yn te rinnen, mar moast tasjen hoe't de Snitsers oertsjûgjend harren earste oerwinning pakten. De Jouwer waard twadde. De Twee Gebroeders fan Langwar mei skipper Johannes Meeter kaam as tredde oer de einstreek.

It skûtsje fan Grou hat protest makke tsjin Langwar. Fierder nijs folget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)