DE slút winkels en kafees

10 sep 2014 - 12:53
  • Winkel DE ticht
  • Winkel DE ticht
  • Winkel DE ticht

Douwe Egberts slút op termyn alle eigen winkels en kafees. It assortimint fan DE wurdt tenei oanbean yn de 400 winkels fan Blokker. Dat nimt ek it behear fan it bekende sparpunteprogramma oer. DE hat 14 eigen fêstigingen, wêrûnder op De Jouwer. Dêr begûn Douwe Egberts yn 1753 as winkelman. Alle meiwurkers krije dien.

Mei de 12 franchise-ûndernimmers dy't in DE-kafee ha, wurdt praat oer de takomst fan har saak. Oan it Ruterskertier yn Ljouwert is sa'n kafee fêstige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)