De Skâns moat syn funksjes hâlde

09 apr 2004 - 00:00

Ot multyfunksjonele sintrum de Skâns op De Gordyk moat al syn funksjes yn stân hâlde. Dat wolle B en W fan Opsterlân. Neffens de gemeente kin it net sa wêze dat in teater mei sa'n brede útstrieling ferdwynt.

De Skâns kaam yn swierwaar nei't de eardere útbater fallyt gie nei fer- kearde ynvestearrings. De gemeente hat no goed 45 tûzen euro útlutsen foar in opknapbeurt fan it teater. Ek is 3 ton reservearre foar de airconditioning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)