'De Skâns moat bliuwe'

20 nov 2013 - 16:04
  • Luit Beenen en Tsjesse van der Zee foar De Skâns

Kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk moat bliuwe, en wol op itselde plak dêr't it no sit. Dat is de miening fan in aksjegroep dy't dwaande is mei in hantekenaksje ûnder de Gordyksters. Tiisdei gie de Skâns fallyt. De stifting koe de ûntslachfergoeding oan de eardere direkteur net betelje.

Tagelyk hat de gemeente Opsterlân, dy't fiif ton subsydzje it jier jout, plannen foar in nije Skâns by de Boargemaster Harmsmaskoalle. Mar in part fan de Gordyksters is dêr op tsjin. Sy wolle in folweardich kultureel sintrum hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)