De Sionsberg slút ein dizze wike, 260 minsken op strjitte

26 nov 2014 - 10:46
  • De Sionsberg
  • Aksje foar De Sionsberg

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum giet ein dizze wike ticht. Alle pasjinten wurde ûnderbrocht yn oare sikehuzen. 260 minsken ferlieze harren baan. Dat is woansdeitemoarn bekendmakke op in parsekonferinsje. Foar de hiele Pasanagroep wurdt it fallisemint oanfrege, dus ek foar it sikehûs en de âldereinsoarch.

Foar de âldereinsoarch hat him yntusken al wol in oernamekandidaat melden. Wa't dat is, wol de direksje fan Pasana net bekendmeitsje.

Hoe't it mei it sikehûs komt, sil de kommende tiid besjoen wurde. De Sionsberg draaide de ôfrûne jierren mei in ferlies fan 2,6 miljoen yn it jier. Dat kaam neffens de direksje dat de pasjinten hieltyd mear weibleaunen.

It plan fan de medyske spesjalisten, om sels it sikehûs troch te setten, is neffens de direksje noch net serieus genôch. Mei-inoar hat de soarchgroep in skuld fan 40 miljoen euro. Ek de fúzje mei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten giet net mear troch. It sikehûs hat 16 miljoen euro yn De Sionsberg stutsen.

It sikehûs De Sionsberg is yn 1956 oprjochte en telt 52 bêden.

De gemeente Dongeradiel is al yn oerlis mei ferskate partijen, no't sikehûs De Sionsberg yn Dokkum ein dizze wike ticht giet. De gemeente giet yn gearwurking mei de regio op syk nei in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)