De Sionsberg mei fan kurator foarearst iepen bliuwe

03 des 2014 - 16:23
  • De Sionsberg

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum mei iepen bliuwe fan de kuratoaren. Dat sei Jan Leendert Brouwer, foarsitter fan de medyske stêf, woansdei by de protestmanifestaasje. De medyske stêf hat in plan betocht om De Sionsberg oer te nimmen.

De spesjalisten ha oerlis hân mei de kuratoaren en dy ha tastimming jûn om troch te gean mei it wurk op de polyklinyk en mei saken as bloedprikke. It liket derop dat de plannen fan de spesjalisten dêrom posityf ûntfongen wurde troch de kuratoaren.

By de manifestaasje binne sa'n fiifhûndert minsken oanwêzich út Dokkum en de regio. Minsken fan de aksjegroep Red de Sionsberg ha ûnder oare sprutsen. Ferline wike gie De Sionsberg fallyt om't der in skuld fan 40 miljoen euro is. De meiwurkers ha doe alles op alles set om it sikehûs iepen te hâlden en se ha gewoan trochwurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)