De Rouwe ynformateur SWF

25 mrt 2014 - 11:41
  • Sander de Rouwe

Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan it CDA is beneamd ta ynformateur yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is de earste kear dat it keamerlid dizze funksje op him nimt.

De Rouwe sil woansdei mei de earste partijen om tafel en hopet oer twa wiken mei it ferslach te kommen.

It CDA waard mei tsien sitten lykas fjouwer jier lyn de grutste partij by de gemeenteriedsferkiezings. De PvdA en FNP ferlearen beide in sit en de VVD ferlear sels 2 sitten. De SP wie de grutste winner en komt as nijkommer mei trije sitten yn de ried.

D66 die it ek goed en groeit fan ien nei trije sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)