De Rouwe: Dijksma nimt mûzepleach net serieus

19 jan 2015 - 15:13
  • Feanplaza siet moandei fol boeren mei mûzeskea

CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe ferwyt steatssiktaris Sharon Dijksma en it kabinet dat se de boeren en de mûzepleach yn Fryslân net serieus nimme. De Rouwe sei dat moandei yn in fideoboadskip tsjin de hûnderten oanwêzigen by de mûze-aksjedei yn FeanPlaza op It Hearrenfean.

Fiif mûze-aksjeboeren en de LTO organisearren moandei in aksjedei tsjin de mûzeskea. Dêr kaam net ien Twadde Keamerlid op ôf. De skea fan de pleach is oprûn nei 60 oant 70 miljoen euro. Steatelid Anja Haga (ChristenUnie) fynt it tiid foar in keamerdebat.

De Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie sil hjir tiisdei om freegje. Lutz Jacobi ropt fia steatelid Douwe Hoogland op dat der in goed Frysk plan komme moat foar bestriding fan de mûzen en skeafergoeding. Jacobi seit dat se de tasizzing hat dat Dijksma op basis fan sa'n plan wol sjen wolle soe nei de mooglikheden foar skeafergoeding.

Johannes Kramer fynt dat Den Haach earst mei oplossings foar mûzepleachproblemen komme moat. Tachtich miljoen euro skea of mear kin de provinsje net drage. As Den Haach it ôfwitte lit moat de provinsje nochris sjen wat mooglik is, mar 80 miljoen skea is ek dan fierstente heech foar de provinsje, sa seit de deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)