De Rouwe: 12591 foarkarstimmen

14 sep 2012 - 11:49
  • Sander de Rouwe

Fan alle kandidaten krige keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert woansdei de measte Fryske foarkarstimmen. 12591 Friezen ha woansdei op de nûmer trije fan it CDA stimd. Yn syn eigen gemeente Súdwest-Fryslân krige De Rouwe 3205 foarkarstimmen. Lutz Jacobi (PvdA) skoarde ek goed. Sy krige woansdei yn Fryslân 11442 foarkarstimmen.

De oare Fryske kandidaten krigen folle minder foarkarstimmen. Jacques Monasch krige 1432 foarkarstimmen, Anja Haga (CU) 1309, Anne Wil Lucas (VVD) 1013.

De skoares fan de oare Fryske kandidaat-keamerleden binne:
Harry van der Molen (CDA): 932 stimmen
Aukje de Vries (VVD): 834 stimmen
Jos van der Horst (SP): 875 stimmen
Magda Berndsen (D66): 751 stimmen
Harry Lamberts (50+): 510 stimmen
Irona Groeneveld (GrienLinks): 304 stimmen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)