De Roos fuort, rie bliid

25 jan 2007 - 12:11

De mearderheid fan de ried fan Gaasterlân-Sleat is bliid mei it opstappen fan boargemaster de Roos. Neffens fraksjefoarsitter Ienze de Boer fan de Christenunie is dit de iennichste oplossing. Hy fynt it wol tryst dat it sa rûn is. Fraksjelieder Meinsma fan de VVD is net ferrast oer it opstappen fan de Roos.

Woansdei waard bekend dat frou de Roos nei in konflikt mei de ried earder mei pensioen giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)