De Roon mist spilersbus

13 apr 2014 - 17:15
  • Marten de Roon

Oanfierder Marten de Roon fan SC Hearrenfean hat sneontejûn de spilersbus werom nei It Hearrenfean mist nei de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De Roon moast foar dopingkontrôle urine ynleverje. Dat duorre lykwols langer as ferwachte, wêrtroch't de bus alfêst dy kant opgong.

De oanfierder is úteinlik mei de parsesjef nei hûs ta riden. Mei de nedige sanitêre stops, sa lit er op de webside fan de sportklup witte. Want op de weromreis begongen al dy fleskes wetter dy't er dronken hie, op te spyljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)