De Roo technysk manager

27 apr 2005 - 23:59

Ald-spiler Peter de Roo (35) wurdt mei yngong fan it nije fuotbalseizoen manager technyske saken by Cambuur. De Roo krijt in kontrakt foar 3 jier. Hy wurdt ferantwurdlik foar it oan- en ferkeapbelied, mar ek foar bygelyks it jeugdfuotbal.

Peter de Roo hat spile foar Veendam en 6 jier foar Cambuur. Hy wie no assistint-trainer. Njonken syn nije funskje bliuwt De Roo trainer fan Jong Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)