De Ron keeperstrainer by Cambuur

18 maaie 2006 - 14:15

Wim de Ron is de nije keeperstrainer fan Cambuur. Hy ferfangt dêrmei Sierd van den Berg dy't by FC Zwolle oan de slach giet. De 36-jierrige De Ron wie fan 1997 ôf sân jier lang de earste keeper fan Cambuur. Earder waard al bekend dat De Ron haad jeugdoplieding wurdt by sneinshaadklasser De Jouwer.

Cambuur hat ek in nije trainer foar de B-junioaren. Ron Kramer út Donkerbroek ferfangt Lyckle Bleekveld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)