De Ridder yn basis by Cambuur tsjin PEC Zwolle

26 jan 2015 - 13:23
  • Daniël de Ridder

Daniël de Ridder begjint tiisdei yn de bekerwedstriid fan SC Cambuur tsjin PEC Zwolle yn de basis. Dat giet ten koste fan Bytyqi, dy't op de bank begjint. Twadde keeper Harm Zeinstra stiet op de goal en mear feroaret trainer Henk de Jong net yn de opstelling fan Cambuur. De Ljouwerters nimme it bekertoernoai uterst serieus. Cambuur kin tiisdei histoarje skriuwe troch de heale finale te berikken. Dat is de Ljouwerters noch noait slagge.

Yn 1996 berikte Cambuur de kwartfinale en dat is de bêste prestaasje oant no ta yn de beker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)