De Ridder tekenet by Cambuur

16 jul 2014 - 15:37

Daniël de Ridder spilet it kommend jier foar Cambuur. De 30-jierrige middenfjilder komt transferfrij oer fan RKC Waalwijk. Dêrfoar spile er ûnder oaren foar Ajax, Birmingham City en Wigan Athletic. Twa jier seizoenen lyn wie er aktyf foar Hearrenfean.

De Ridder sette woansdei syn hanteken ûnder it kontrakt. Hy is de njoggende nije spiler dy't Cambuur oanlutsen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)