De Ridder op proef by It Fean

15 aug 2012 - 12:43

Daniël de Ridder komt op proef by Sportklup Hearrenfean. De rjochtsbûten sil de kommende tiid meitraine en as it beide partijen goed foldocht, dan sit der in kontrakt yn. "We zijn op zoek naar versterkingen voor het middenveld en de aanval en Daniël is een serieuze optie," sa seit technysk direkteur Johan Hansma.

De Ridder spile it ôfrûne seizoen yn Switserlân foar Grasshopper. Dêrfoar spile de 28-jierrige De Ridder by Ajax, Celta de Vigo, Birmingham City, Wigan Athletic en Hapoel Tel Aviv.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)