De Rank op it Fean bliuwt iepen

28 jan 2003 - 00:00

It buert- en jongereinsintrum De Rank op it Hearrenfean bliuwt foareast behâlden. Dat is it resultaat fan ûnderhannelings tusken Pleatslik Belang Aldskoat/Hearrenfean-súd en wolwêzens- ynstelling Caleidoscoop. It sintrum moast ticht om't Caleidoscoop 125.000 euro besunigje moat op it sosjaal en kultureel wurk yn de gemeente.

Nei in hantekenaksje fan de jongerein is besletten it sintrum iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)