De provinsje rydt op biogas

06 jan 2010 - 10:56
  • In pear fan de 27 nije biogasauto's

Yn Ljouwert binne woansdei 27 nije biogasauto's en 8 skjinne diselauto's yn gebrûk naam troch de provinsje. Der komme dit jier noch 24 biogasauto's by. Ien en oar hat te krijen mei it doel om yn 2015 hûnderttûzen auto's op duorsume brânstoffen ride te litten yn de trije noardlike provinsjes.

Der binne no seis plakken dêr't je duorsume brânstof tanke kinne, mar dat moatte der dit jier noch mear wurde. Grien gas wurdt ûnder mear makke fan fergiste dong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)