'De Plaat gjin natuergebiet'

17 jun 2007 - 12:32

It rekreaasjegebiet De Plaat by Skylge moat net oanwiisd wurde as beskerme gebiet. De gemeente makket beswier tsjin de oanwizing fan De Plaat as Natura 2000-gebiet, omdat it neffens de gemeente gjin natuergebiet is.

It wetterbekken is keunstmjittich oanlein om slib ôf te fieren út de jachthaven en wurdt brûkt foar kite- en wynsurfen. De Skylger jeugd krijt der sylles en der wurdt socht nei pieren en moksels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)