De Pionier winner berneried

22 maaie 2014 - 20:02

It like bytiden wol in profesjonele politike diskusje tongersdei yn it stedhûs fan Ljouwert. Hjir wie nammentlik de 10e edysje fan de dei fan de berneried. Bern leare op in boartlike wize wat in demokrasy is en hoe't in debat giet. Seis skoallen út Ljouwert betochten in idee. De skoallen koenen elkoar dêrnei yn in debat fragen stelle en stimme. De beste debater wie úteinlik Lieke Leijendekker en de winnende skoalle waard De Pionier út Techum.

De skoalle krijt 5000 euro en mei it idee útfiere. De beste debater wurdt beneamd ta berneboargemaster.De bern krigen nei ôfrin in optreden fan boyband B-brave fan de gemeente oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)