De Paula twa wedstriden skorst

23 jan 2014 - 13:57
  • Tjoe de Paula, links yn byld

Aris-spiler Tjoe de Paula is foar twa wedstriden skorst. De Ljouwerter basketballer krige ôfrûne sneon in diskwalifisearjende fout. De Tucht- en Geskillekommisje fan it Nederlânske Basketbalbûn joech De Paula in skorsing fan twa wedstriden, en dat betsjut dat er sneon de kompetysjewedstriid tsjin Rotterdam misse moat. Dat jildt ek foar de kwartfinalewedstriid foar de beker, tsjin datselde Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)