De Overval is restaurearre

27 jan 2002 - 00:00

De Film De Overval dy't yn 1962 makke is, is konservearre. De film nei in senario fan dr. Lou de Jong giet oer it wier barde ferhaal dat yn 1944 yn Ljouwert spile. Fersetsminsken waarden út de finzenis befrijd.

Meiwurkers fan it Filmmuseum yn Amsterdam ha de film restaurearre. De film wurdt dêr begjin febrewaris toand. Mooglik komt de film ek nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)