De Nooijer útliend oan Sparta

01 mrt 2001 - 00:00

Dennis de Nooijer fuotballet fan tongersdei ôf net mear by SC Hearrenfean. De spits wurdt útliend oan Sparta foar de rest fan dit seizoen. Sparta is ek de klub dêr't De Nooijer weikaam doe't er yn 1998 nei Hearrenfean ta gie.

De Nooijer wie foar Hearrenfean net mear fan fêste wearde en mocht nei in oare wurkjouwer útsjen. Hy sil takom snein syn debút by Sparta meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)