De Nije Kast wurdt wer De Kast

03 feb 2004 - 00:00

De Nije Kast hyt wer gewoan De Kast. De bandleden fan de Fryske popgroep ha dat besletten om't de nammeferoaring net foar in ferwachte trochbraak soarge hat.

De band set ûnder de âlde namme alles op alles om in hit te wurden. Mei it útbringen fan in nije single en in grutte lanlike promotoer wurdt de kommende moannen besocht mear lanlike bekendheid te krijen. Praat as soe de band der mei ophâlde, is net wier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)