De nasjonale betinking fan MH17 by Omrop Fryslân

10 nov 2014 - 09:47
  • It plak fan de ramp mei MH17, hûndert dagen letter

By Omrop Fryslân wurdt moandei stilstien by de nasjonale betinking fan de ramp mei flecht MH17, op radio, televyzje en ynternet. Tusken 14:00 en 14:15 oere wurdt der oerskeakele nei de betinkingsbyienkomst op Omrop Fryslân Radio. Tusken 12:00 en 16:00 oere wurdt der gjin reklame útstjoerd op radio en de rest fan de dei is de muzyk en reklame oanpast. Om 13:30, 14:30 en 15:30 oere binne der ekstra bulletins fan Bureau Regio, ús kollega's yn Hilversum.

By de fleantúchramp yn Oekraïne kamen 298 minsken om, foar it grutste part Nederlanners. Under de slachtoffers binne ek inkele Friezen en Friezen om utens. By ryksgebouwen hinget de flagge healstôk. Provinsje en gemeenten binne frege itselde te dwaan.

By de betinkingsbyienkomst yn de RAI yn Amsterdam binne neibesteanden en oare gasten oanwêzich, lykas Kening Willem-Alexander en Keninginne Maxima. Ferskate neibesteanden komme oan it wurd en minister-presidint Mark Rutte hâlde in taspraak út namme fan de regearing. Ek wurdt in der in minút stilte hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)