De Moanne wurdt fernijd

09 jun 2009 - 12:30
  • It jongste nûmer fan De Moanne

It literêre tiidskrift en opinyblêd De Moanne fan de Afûk ferskynt fan septimber ôf yn in nije foarm. It blêd wurdt tenei útjûn troch de Afûk, Tresoar en de Fryske Akademy. De trije ynstellings wolle harren stipers en oare lêzers op in mear moderne wize ynformearje mei it fernijde blêd.

De Moanne moat troch de gearwurking ek mear lêzers krije. De oplage giet nei goed 3000 eksimplaren. It fernijde tiidskrift wurdt full-colour, mar ynhâldlik bliuwt it blêd itselde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)