De Midsland by Afrika útbrând

26 mrt 2010 - 12:26
  • De brânende Midsland by Tanzania

Foar de kust fan Tanzania oan de Eastkust fan Afrika is koartlyn de âlde fearboat de Midsland fan rederij Doeksen útbrând. It skip waard op 26 maart 1974, dus freed eksakt 35 lyn, troch rederij Doeksen yn gebrûk nommen. Yn de jierren 80 waard it skip omdoopt as de Vlieland en ynset foar it ferfier fan Harns nei Flylân.

Yn 1994 waard it skip ferkocht oan in Afrikaanse rederij. Neffens Doeksen-kenner en histoarikus Willem Boot gie it om in bysûnder skip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)