De Meldij brûkt súkses harp

Iris sjongt yn Lawei

It sintrum foar de keunsten De Meldij yn Drachten spilet yn op it súkses fan de harp op dit stuit. Foar fiif euro kinne je in proefles op it ynstrumint nimme. Ek kinne je yn fiif lessen leare hoe't je josels op harp begeliede kinne as je in popferske sjonge.

It ynstumint is populêr omdat sjongeres Iris Kroes út Drachten mei de harp súkses hie by it televyzjeprogramma The Voice of Holland. Se wist it grutte publyk mei de harp oan har te binen, en wûn it televyzjeprogramma.

De Meldij wol de drompel om harp te learen ferleegje troch goedkeap lessen oan te bieden.


Besjoch ek...

17 feb 2012 - 20:27
16 feb 2012 - 14:17
16 feb 2012 - 14:17
16 feb 2012 - 12:00
14 feb 2012 - 15:09

(advertinsje)

(advertinsje)

(advertinsje)

Reade Tried

144 is in segen:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl