'De Marwei bliuwt iepen'

30 mrt 2009 - 14:45
  • De Marwei wurdt net opdoekt, seit direkteur

Finzenis De Marwei yn Ljouwert bliuwt iepen, seit direkteur Ton Goldstein yn reaksje op in berjocht fan de FNP Ljouwert. Neffens de fraksje soe it gefang op 'e nominaasje komme foar sluting. Der is lanlik in grut oerskot fan sellen en De Marwei hat organisatoaryske problemen.

Direkteur Goldstein jout ta dat der wurke wurdt oan in lanlik masterplan. Mar der is neat bekend oer slutings. Boppedat hat De Marwei in te grutte funksje yn 'e regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)