De Marne wol gjin wynmûnen

13 sep 2014 - 14:59

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Marne yn Grinslân binne op de plannen foar wynmûnen by Muntsjesyl tsjin. Krekt oer de grins yn de gemeente Kollumerlân is in plan yntsjinne foar in wynpark by it doarp oan de râne fan it Lauwersmargebiet. Neffens De Marne giet dat ta skea fan de kwaliteit fan it lânskip fan it Nasjonaal Park.

Boargemaster Koos Wiersma fan De Marne fynt dat Fryslân foar de Wyn, dat alle oanfragen foar wynparken koördinearret, syn gemeente net goed genôch by it proses belutsen hat.

Yn it doarp Muntsjesyl binne in soad bewenners op de komst fan wynmûnen tsjin. De gemeenteried fan Kollumerlân praat yn oktober oer de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)