De Markt yn Burgum opknapt en weriepene

22 okt 2015 - 10:39
  • De Markt yn Burgum
  • De Markt yn Burgum
  • De Markt

De Markt fan Burgum is tongersdei offisjeel weriepene. It plein is útwreide mei hûndert parkearplakken en is fierder folslein opknapt. Sa binne der ûnder oaren ljochtmêsten mei spesjale LED ferljochting, oplaadplakken foar elektryske auto's en sinnepanielen kaam.

It winkelgebiet is ferboud mei lytse ''eilannen'' dêr't beammen en bankjes delset binne. It doarp lûkt dêrtroch no al in soad mear besikers, sa seit wethâlder Geerling Schippers fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Der binne dêrneist spesjale wetterkûlen op de Markt oanbrocht dy't it reinwetter opfange mei min waar. It wetter sakket op dizze plakken yn 'e grûn en komt dan terjochte yn in saneamde ûndergrûnske tank.

It reinwetter wurdt fanút dizze tank direkt nei it Prinses Margrietkanaal pompt. Sadwaande is der mei in soad rein minder kâns op wetteroerlêst op de Markt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)