De Luts wurdt útbaggere

26 jul 2012 - 17:01
  • De Luts yn Balk

De gemeente Gaasterlân-Sleat set yn septimber útein mei it wurk oan De Luts. Dy wetterferbining tusken Balk en De Moarre moat better befarber wurde foar gruttere boaten. Ek komme der bettere oanlisplakken.

Sa wurde de toeristyske plakjes fan Gaasterlân-Sleat ek oer it wetter better berikber. Ek wurdt it mooglik om mei de boat nei de bosk te farren. De gemeente hat it projekt gund oan de oannimmerskombinaasje Oosterhuis BV en Klaar Baggertechnieken BV.

It folsleine projekt kostet krapoan 3 miljoen euro en wurdt betelle troch ûnder oare de Marrekrite, Wetterskip Fryslân en de Gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)