DE lûkt besikers nei museum

20 jul 2003 - 00:00

'En dan is er koffie...' hat in soad besikers nei De Jouwer lutsen. Yn it Jouster museum is in útstalling oer de jubilearjende kofjebrâner Douwe Egberts. Oant no ta hat it museum dit jier al 22.000 besikers hân, wylst oars 15.000 minsken yn it jier in besite oan it streekmuseum bringe.

De eksposysje is in sukses om't de kofjepotten, teeservizen en reklames fan DE herkenber binne. De útstalling is oant 15 septimber te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)