De Loor seit ôf foar 1000 meter

29 des 2005 - 15:01

Barbara de Loor hat op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai reedriden op it Hearrenfean definityf ôfsein foar de 1.000 meter. De Loor is siik. Troch dy sykte mislearre tiisdei har 1500 meter folslein. De Loor waard doe tolfde en miste Olympyske Kwalifikaasje.

De Loor hat op de 1000 meter in supernominaasje. No't se siik is, komt se yn beneaming foar in skate-off. De Loor hat dy supernominaasje te tankjen oan har wrâldtitel op de 1000 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)