De Loor seisde op 1000 meter

05 mrt 2006 - 11:48

Barbara de Loor fan It Hearrenfean is sneon bij de worldcup-wedstriden yn Thialf op de 1000 meter seisde wurden. It wie de lêste 1000 meter út har karriêre. Snein nimt se op de 1500 meter definityf ôfskied.

Ireen Wüst waard earste op de kilometer yn 1.15,46, in nij baanrekord. Anni Friesinger waard twadde en wûn dêrmei de wrâldbeker op dy ôfstân. Olympysk kampioene Marianne Timmer einige as fjirde, Annette Gerritsen as fyfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)