De Loor ferliest koart pleit

28 des 2004 - 12:29

Barbara de Loor fan It Hearrenfean hat it koart pleit ferlern. De reedrydster hie dat oanspand tsjin de KNSB. Se woe it logo fan har nije priveesponsor op de linkerskonk fan har wedstrydpak ha. Dat mei net fan it bûn. Neffens de Loor rekket har karriêre yn gefaar as se it logo net op har skonk ha mei.

De Loor is net selektearre foar it Europeesk Kampioenskip allround. Dat EK is begjin jannewaris yn Thialf op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)