De Loor easket mear sponsorromte

15 des 2004 - 10:44

De karriêre fan reedrydster Barbara de Loor rint gefaar as se net mear romte foar har priveesponsor krijt. Dat sei de advokaat fan De Loor tiisdei by it koart pleit fan 'e rydster tsjin de KNSB. De Loor wol mei it logo fan har eigen sponsor op de linkerskonk ride.

De KNSB wol dat net lije, omdat De Loor ûnôfhinklik rydster is en net by in kommersjeel tiim sit. De Loor neamt dat brearoof. De Loor rydt no mei in lyts logoke op har rjochterboarst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)