De Lijte troffen troch firus

10 des 2004 - 14:47

Bewenners fan soarchsintrum De Lijte yn Oerterp ha fan 'e wike siik west. Troch in besmetlik firus wie in tredde fan de 130 bewenners heal. Nei alle gedachten is it it NORO-firus. Minsken krije diarree en koarts en moatte spuie.

Om fierdere besmetting te kearen, binne mienskiplike aktiviteiten ôfsein. Personiel hat mûlkapkes op en moffen oan. De measte bewenners binne wer better. De strange maatregels jilde inkeld freed noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)