De Lemmer wint by Ealahuzen

09 aug 2006 - 13:46

Nei in falske start waard de silery by Ealahuzen in spannende wedstryd. It earste plak waard al gau ynnommen troch De Lemmer en dat soe sa bliuwe. Yn de striid om it twadde plak stoomde Ulbe Zwaga fan Ljouwert op. Hy einige as tredde, mar troch in protest fan Hearrenfean, leit Zwaga derút. De spanning yn it klassemint is grut. Tusken de earste fiif skûtsjes sit minder as fjouwer punten ferskil. It skûtsje fan It Fean is de nije lieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)