De Leeuw yn basis by Cambuur

17 jan 2013 - 12:54
  • SC Cambuur

Melvin de Leeuw is werom yn de basis fan Cambuur. Hy spilet op rjochts foar Oebele Schokker, dy't noch net hielendal fit is nei in grypke. Cambuur spilet freed de earste wedstriid nei de winterstop, út by Fortuna Sittard. It is lykwols noch net wis dat dy wedstriid troch gean kin. Der leit snie op it fjild. Neffens Fortuna Sittard wurdt der alle war dien om de snie der ôf te krijen, sadat der freed spile wurde kin. Freed wurdt dêroer beslist. By Cambuur ûntbrekke Rose, Van der Heide en Bakens fanwege blessueres.

Opstelling Cambuur: Telgenkamp; Droste, Dijkstra, Van der Laan, Bijker; Bakker, El Makrini, Diemers; Tigadhouini, Hemmen, De Leeuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)